About Kening State

Historic Architecture, Architecture, Interesting Places, Other Buildings And Structures

Kening State, foarhinne (en noch altyd better) bekend as Grut-Lankum, is in soarchsintrum by de Fryske stêd Frjentsjer. It gebou makket diel út fan 'e eardere buorskip Lankum, oan 'e westkant fan 'e stêd, krekt benoarden de âlde strjitwei nei Harns. Kening State, of Grut-Lankum, sa't it doe noch hiet, wie foarhinne it haadgebou fan it Psychiatrysk Sikehûs Frjentsjer. It is it grutste ryksmonumint fan Fryslân. Dy monumintale status jildt lykwols inkeld foar de bûtenkant fan it gebou; fan it ynterieur is frijwol neat mear oarspronklik.

Source From: Wikipedia
6, Burgemeester J Dijkstraweg, Waadhoeke, Fryslân, Nederland, 8801PG

Nearest places in Kening State